Auto ramt hûs yn Akkrum

18 apr 2004 - 00:00

In auto hat sneontenacht in hûs yn Akkrum ramd. Twa ynsittenden fan de auto binne dêrby ferwûne rekke. Sy binne nei it sikehûs brocht. Trije oare ynsittenden kamen mei de skrik frij.

De bestjoerder fan de auto ried te hurd en rekke de macht oer it stjoer kwyt. De auto sloech oer de kop en kaam tsjin de muorre fan in hûs oan it Meskenwier ta stilstân. De gevel en in part fan de sydmuorre fan it hûs waarden folslein fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)