Tsjalberter ferwûne by stekkerij

18 apr 2004 - 00:00

In 20-jierrige ynwenner fan Tsjalbert is yn de nacht fan sneon op snein swier ferwûne rekke. De man waard nei it stappen op de Oude Koemarkt yn it sintrum fan It Hearrenfean mei in yn de búk stutsen. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.

In 18-jierrige ynwenner fan Skarsterbrêge is yn ferbân mei de stekkerij oanhâlden. It is noch net dúdlik werom oft der stutsen is. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)