Sulver foar Zonderland op EK

© Omrop Fryslân
Turner Epke Zonderland hat snein sulver helle by it Europeeks Kampioenskip turnen foar jeugd. De Lemster die dat op it ûnderdiel rekstok. Zonderland hie in minime efterstân op de winner. Yn de finale fan it rek stiene 8 dielnimmers.
Zonderland wie tige optein oer syn medalje en sei net senuweftich west te hawwen. Sneon wie de turner ek al súksesfol. Hy waard doe op de mearkamp fjirde. It EK is yn it Sloveenske Ljubljana.