Mildaamster dyk ôfsletten

© Omrop Fryslân
Yn Mildaam kin ferkear fan moandei ôf net mear oer de Schoterlandsewei ride. Dy dei wurdt lang om let útein set mei de rekonstruksje fan de dyk.
De Schoterlandsewei wurdt ûnder oare ferkearsfeiliger makke en der komt in nij rioel ûnder. Troch de wurksumheden moatte autoriders der rekken mei hâlde dat se kilometers omride moatte. De omliedings wurde mei buorden oanjûn. De wurksumheden moatte foar de boufak klear wêze.