Bran yn brouwerij Boalsert

18 apr 2004 - 00:00

Der hat sneontejûn brân west yn de Fryske bierbrouwerij oan de Snitserstrjitte yn Boalsert. Yn de brouwerij wurdt it bier Us Heit makke. Ek wurdt der sûnt koarten whiskey destilleard.

De brân ûntstie yn de wurkpleats fan de brouwerij. Buorlju seagen dat en warskôgen de brânwacht en de eigner. Dy lêste wie op it stuit al yn it gebou en koe de brân sels blusse. Hoe grut de skea is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)