Ferlies foar Hearrenfean

18 apr 2004 - 00:00

De fuotballers fan Hearrenfean ha sneon mei 1-0 ferlern fan FC Zwolle. It leechklassearde Zwolle, dat de lêste wiken knap dwaande is, wie fersloech Hearenfean op ynset en fechtlust yn in minne wedstryd.

De Swollenaren kamen flak foar rêst op foarsprong. Hearrenfean spile yn de twadde helte wat better, mar Samaras, Knopper en Sibon misten in stikmannich kânsen. Foar Hearrenfean is it twadde plak no wol hiel fier fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)