Moaie waar net goed foar musea

© Omrop Fryslân
Yn it ramt fan it Museumwykein waarden rûnom yn de provinsje ekstra aktiviteiten organisearre om minsken nei de musea te krijen. De sinne hold de minsken lykwols bûten de doar. Hast oeral bleau it rêstich.
Dat jilde ek foar it Modelspoarmuseum yn Snits. It museum organisearre sneon foar it earst in modelspoarbeurs. 70 besikers kamen dêr op ôf. It museum is wol fan doel yn de takomst faker beurzen en workshops te hâlden.