Hurdfytser út Drachten ferwûne

17 apr 2004 - 00:00

In hurdfytser út Drachten is sneon earnstich ferwûne rekke doe't er foel by de toerferzje fan de Amstel Goldrace. It ûngelok barde op de dyk tusken Epen en de Belgyske grins.

De 58-jierrige fytser is mei de helikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Maastricht. Hy is ferwûne rekke oan de rêch. Oan de toerferzje fan de Amstel Goldrace diene sneon 8000 hurdfytsers mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)