Kursus ferset by útsettingen

© Omrop Fryslân
Foar in kursus geweldleas ferset by de útsetting fan útprosedearre asylsikers is grutte belangstelling. De earste kursusdei op 1 maaie yn Ljouwert is mei 40 dielnimmers al hielendal fol. Neffens betinker Karel Helder sille der ek noch ferfolgen op komme.
Op de kursus wurdt leard hoe't bygelyks mei barrikades fan minsken of auto's in útsetting foarkommen wurde kin. De lessen wurde jûn troch minsken fan it COS en it Antidiskriminaasjeburo.