Entûsjasme oer regiosupermerk

17 apr 2004 - 00:00

Undernimmers boppe Dokkum binne entûsjast oer de plannen foar in multyfunksjonele regiosupermerk. Yn sa'n supermerk kinne je njonken it boadskippen heljen bygelyks ek nei de húsdokter.

It is in inisjatyf fan de wenningkorporaasje Dongeradiel en de ûndernimmers. De regiosupermerk krijt in wichtige rol yn it Noardeasten fan Dongeradiel. It moat der foar soargje dat doarpen net leechrinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)