Turfskuorre by Damshûs

17 apr 2004 - 00:00

Dit wykein is it nasjonaal museumwykein. Foar it leechfeanmuseum it Damhûs yn Nij Beets betsjut dat de start fan it nije seizoen. Wethâlder De Boer fan Opsterlân iepene sneon de nije turfskuorre mei dêryn in útstalling oer de skiednis fan de turfwinning.

Frijwilligers hawwe in jier wurke oan de skuorre. It Damshûs is bliid mei de nije oanwinst en hopet dat der dit museumwykein al in soad minsken op ôf komme sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)