Sels slachtôffal ferwurkje

© Omrop Fryslân
Plomfeeferwurkjend bedriuw Storteboom fan Kornhorn ûndersiket oft it sels syn slachtôffal ferwurkje kin. No bart dat noch troch destruksjebedriuw Sonac.
It sels ferneatigjen fan it slachtôffal is in stik goedkeaper foar de plomfeeferwurker. Boppedat kin de waarmte dy't dêrby frijkomt brûkt wurde foar de enerzjyfoarsjenning. It ministearje fan lânbou moat noch wol tastimming jaan foar it sels ferwurkjen fan it slachtôffal.