Soad platte daken net feilich

16 apr 2004 - 00:00

Tweintich persint fan de iepenbiere gebouwen yn Ljouwert mei in platdak is risikofol. Dat hat ûndersyk by 200 gebouwen yn de stêd útwiisd.

Der ha de ôfrûne tiid slimme ûngemakken west mei platte daken, trochdat der tefolle reinwetter op lizzen bliuwt. It dak wurdt dan sa swier dat it ynstoart. Reden om skoallen, winkels en showrooms te ûndersykjen. De eigners fan de ôfkarde gebouwen ha twa wike de tiid om de dakkonstruksjes te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)