'Fjoertoer moat bemand wêze'

16 apr 2004 - 00:00

It Wadden Sea Forum wol dat de fjoertuorren op de Fryske waadeilannen bemand bliuwe. It forum, dat oplossingen siket foar botsende belangen yn it Waad, komt momenteel gear yn it Deenske Esbjerg.

It forum makket him soargen oer de feiligens op it Waad. It wol dat de regearings fan Nederlân, Dútslân en Denemarken eardere ôfspraken neikomme. It giet dan oer de opset fan in systeem om skippen yn de gaten te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)