Ynternetfraudeurs oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat in 42-jierrige frou en har 16-jierrige dochter fan De Lemmer oanhâlden foar ynternetfraude. It stel bea guod te keap oan op in feilingsite op ynternet.
Dêr hiene se saken as tillefoans, kompjûterspultsjes en boeken te keap stean. Minsken dy't op de advertinsjes reagearren, moasten in foarskot oermeitsje. Dêrnei waard it spul lykwols net levere. Yn totaal hawwe de Lemsters foar 5000 euro fraudearre.