Soad blessueres by Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat sân blessearde spilers, trije binne der skorst en se moatte acht lange oeren yn 'e bus foar de fierste útwedstriid tsjin it altiid lestige MVV. Henk van Steeg, Raymond Bronkhorst en Klaas Schotanus binne skorst. Dit betsjut dat Angelo Martha in kâns krijt yn 'e ferdigening en de jonge Arnold Helder op it middenfjild.
Ties Heldens sil it kommende seizoen spylje foar de Grinzer amateurklub The Knickerbockers.