Mear kontrôle yn bosk

© Omrop Fryslân
De plysje sil rekreanten yn de bosken fan East-Fryslân de kommende tiid better yn de gaten hâlde. Der wurde boetes útdield as der bygelyks bûten de paden rûn wûrdt of as men de hûnen losrinne lit. Ek motorkrossers en mountainbikers sille oanpakt wurde.
De plysje wol foarkomme dat de natoer skea oprint. Alle dagen sil in plysjeman tegearre mei in natoerbeskermer tafersjoch hâlde yn de bosken fan Opsterlân en Smellingerlân.