Sukses foar turner Zonderland

16 apr 2004 - 00:00

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer is tongersdei sechsde wurden by it ûnderdiel mearkamp by it EK junioaren yn Slovenië. Foar Nederlân hat noch nea in turner sa heech skoard.

Zonderland komt sneon út yn de striid om de EK-titel. Snein binne de finales op de tastellen. It is noch net wis oft er dêr ek oan meidocht. De bêste acht geane troch nei de tastelfinale. Zonderland helle earder dizze wike it tredde plak op it rek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)