Hûndertste learaar Frysk

© Omrop Fryslân
De learare-oplieding Frysk fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert leveret nije wike de hûndertste learaar ôf. Dy eare giet nei Marriët Boomstra fan Balk. Boomstra hat de oplieding yn dieltiid folge.
De earste studinten foar in twaddegraads foech Frysk begûnen har oplieding yn 1947, doe noch ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy. Elk jier studearje der likernôch twa nije leararen Frysk ôf.