Ekstra jild foar Oerol-festival

15 apr 2004 - 00:00

It Oerol-festival op Skylge kin de kommende jierren op ekstra stipe fan de provinsje Fryslân rekkenje. De jierlikse bydrage giet fan 30.000 nei 90.000 euro.

Ein maart luts de organisaasje fan it festival oan de bel fanwege jildproblemen. In flink tal sponsors wie ôfheakke. Oerol is bliid, mar seit dat it festival noch net rêden is. Dit jier moat de organisaasje in berop dwaan op 150.000 euro út de reservekas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)