Bolle deasketten by Aldskoat

15 apr 2004 - 00:00

De plysje hat tongersdeitemoarn in bolle deasketten op de Schoterlandseweg by Aldskoat. It bist wie ûntsnapt by it útladen fan in frachtwein. De bolle wie wyld en liet him net fange. Ferskate persoanen binne troch it bist oanfallen.

Doe't de bolle op ien fan de slachters ôfrûn, drukte er dizze man mei syn kop tsjin in beam oan. De plysje hat dêrnei besletten om it bist mei in pistoal ôf te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)