Betinking befrijing Fryslân

15 apr 2004 - 00:00

Op ferskate plakken yn Fryslân is tongersdei de befrijing fan Fryslân betocht. 59 jier lyn riden de Kanadezen Ljouwert binnen. De ein fan de oarloch wie dêrmei in feit. Ien fan de betinkingen wie yn Ferwert en waard hâlden troch skoalbern.

It oarlochsmonumint 'As it nedich is' hat op it Vrijhof yn Ferwert in sintraal plak krigen. Under it monumint is in plakaat mei 18 nammen fan fersetshelden en deportearre ynwenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)