'Feiligensbelied net yn oarder'

15 apr 2004 - 00:00

It feiligensbelied fan de gemeente Ljouwert is noch lang net yn oarder. Dat seit in mearderheid fan de gemeenteried, nei oanlieding fan de evaluaasje fan it belied oer de ôfrûne fjouwer jier. Yn dy tiid hat Ljouwert in soad projekten opset en maatregels naam fanwege de feiligens.

Neffens de mearderheid yn de ried sit dêr net safolle lijn yn. Boargemaster De Boer fynt dat ek. Mar neffens har ha de measte projekten wol in soad sukses.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)