V.d. Meulen nije trener VC Snits

15 apr 2004 - 00:00

Olof van der Meulen wurdt de nije trener fan de foljebalfroulju fan VC Snits. De 35-jierrige âld-ynternasjonal spile woansdeitejûn mei syn ploech Omniworld yn de heale finale fan de striid om de lânstitel. Omniworld ferlear yn in spektakelwedstriid mei 3-2 fan Zwolle.

Nei de wedstriid makke Van der Meulen bekend dat er ophâldt as spiler. Hy wûn mei Nederlân noch in gouden medalje op de Olympyske Spullen fan Atlanta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)