Stagnaasje ekonomy Ljouwert

15 apr 2004 - 00:00

De ekonomy fan Ljouwert stagnearret en hat te krijen mei problemen. De wurkleazens ûnder jongerein is grut en der is te min rûmte foar nije bedriuwsterreinen. Ferbetteringen oan de berikberens fan de stêd rinne te folle fertraging op.

Dat konkludearret wethâlder Van Mourik nei in ynventarisaasje. Positive saken binne de sterke tsjinstferlienende sektor, de goede ICT-ynfrastruktuer en in noflik wenklimaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)