Tieme Klompe nei Grins of RKC

15 apr 2004 - 00:00

FC_Grins is net fan doel om fuotballer Tieme_Klompe fan SC_Hearrenfean in oanbieding te dwaan foar´t er wer fit is. Klompe giet ein dit seizoen fuort, mar is al in jier blessearre. Ferline wike hat der in petear west tusken Grins en Klompe.

Klompe is ek yn ûnderhanneling mei RKC. Of´t er op dit stuit fit is, makket dêr net folle by út. RKC giet by oanbieding fan in kontrakt út fan ´e medyske keuring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)