Trainer Laszlo Zalai ferstoarn
Ald-SC Hearrenfean-trainer Laszlo Zalai is Peaskesnein yn Almere ferstoarn, sa hat de club no bekendmakke. Zalai wie twa keer haadtrainer fan Hearrenfean. De earste kear wie yn it seizoen 1965-1966. Yn 1973 kaam er werom en doe foar fjouwer seizoenen.
Yn it seizoen 1977-1978 waard er ferfongen troch syn assistint, nei't er yn de krante krityk levere hie op it bestjoer. Zalai kaam yn 1956 as Hongaarsk flechtling nei Nederlân.
Trefwurden:
argyf