Alberda giet by NOCNSF wei

© Omrop Fryslân
Joop Alberda (51) giet ein dit jier by it NOCNSF wei. Hy is sûnt 1997 yn tsjinst by de sportkoepel as technysk direkteur. Hy wie by de Olympyske Spullen yn Sydney yn 2000 en twa jier letter yn Salt Lake City. Dêrfoar wie er coach fan it foljebalteam dat by de Olympyske Spullen yn 1996 goud wûn.
Dit jier makket de Fries noch diel út fan it team de mission fan NOCNSF by de Spullen yn Athene. De sportwrâld seit Alberda misse te sillen.