Ynboargeringstoets min makke

© Omrop Fryslân
Fryske mbo-learlingen stroffelje op wichtige punten by it meitsjen fan in ynboargeringstoets. De 260, foar it grutste part autochtoane learlingen, witte net folle fan polityk, ûnderwiis, sûnens, kultuer en frije tiid.
Dosint ekonomy Baart fan it AOC Fryslân hat dat woansdei witte litten. De earstejiers mbo-learlingen makken de toets yn it ramt fan in projekt wêrby't ûnder oare ynboargeringsspultsjes foar allochtoanen ûntwikkele wurde.