Cheez'it wint Food Award

14 apr 2004 - 00:00

Frico Cheez'it hat de Food Award wûn. Mei twa oare produkten wie de flaubyt fan Frico nominearre troch it blêd Food Personality. Yn tal fan kranten stie ein maart in oprop mei dêryn de nominearren. Konsuminten koenen har kar kenber meitsje en keazen foar Cheez'it. De Food Award is in belangrike trofee yn de wrâld fan it iten.

Earder waard it tsiisprodukt ek al nominearre foar de Wheel of retail. Dy winner wurdt yn maaie bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)