Fertochte heling mei nei hûs

14 apr 2004 - 00:00

De 50-jierrrige fertochte fan heling hoecht net langer fêst te sitten yn it Hûs fan Bewar. De rjochtbank hat dêr woansdei fanwegen persoanlike omstannichheden fan de man ta besluten.

De behearder fan it streekmuseum is in moanne lyn oanhâlden. Formeel is syn fêstsitten mei 30 dagen ferlingd, mar hy mei nei hûs ta. De rjochtbank hat it fêstsitten fan fjouwer oare fertochten yn de saak ek mei 30 dagen ferlingd. Se bliuwe wol fêst sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)