Gemeenten moatte wer besunigje

14 apr 2004 - 00:00

Opsterlân moat tenei alle jierren 315.000 euro ekstra besunigje. Dat komt boppe op de besunigings dy't it ryk al oplein hie. De koartingen binne nedich om't der minder jild fan it ryk komt.

Alle gemeenten krije te meitsjen mei dy ekstra besuniging. It wurdt hieltyd dreger om posten te finen dêr't op besparre wurde kin. Mooglik moat de gemeentlike belesting takom jier omheech. De ried nimt ein juny in beslút oer de nijste besunigingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)