'Pripaksje Marwei te betiid'

© Omrop Fryslân
De pripaksje fan de detinearren yn finzenis De Marwei yn Ljouwert komt te betiid. Dat seit it ministearje fan Justysje. De finzenen holden woansdeitemoarn in sit-in-aksje. Se wegeren werom te gean nei har sel.
Se woene sa omtinken freegje foar de feiligens. Troch besunigingen wurdt it tal bewakers werombrocht en komme yn de takomst mooglik mear finzenen yn ien sel. Neffens Justysje binne de maatregels noch net nommen.