Kwaliteit swimwetter goed

© Omrop Fryslân
De kwaliteit fan it wetter yn swimbaden is goed. Ek yn it opperflaktewetter koe it ôfrûne jier goed swommen wurde. Dat stiet yn in rapport dat de provinsje opsteld hat. Mei inoar binne der 153 swimynrjochtings en 53 swimplakken oan de kust ûndersocht.
Wol binne it ôfrûne jier in pear kear bûtenswimplakken ôfsletten fanwege oanwêzigens fan de blau-alch. Dy kin skealik wêze foar de sûnens.