Opknappen fjild is djoerder

14 apr 2004 - 00:00

It opknappen fan it fuotbalfjild fan Ropta Boys yn Easternijtsjerk kostet it dûbele as tocht. Earder soe in part fan it fjild ferfongen wurde troch keunstgers. Dat wurdt no it hiele fjild. In keunstgersfjild is makliker yn it ûnderhâld en altyd bespylber.

It fjild moat ek grutter wurde. In stik by it fjild moat op 'e nij beflierre wurde. Ek moat grûn ôffierd wurde en lampepeallen en kabels moatte ferpleatst wurde. Dat kostet ek jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)