2,7 miljoen euro foar diken

14 apr 2004 - 00:00

De provinsje hat 2,7 miljoen euro beskikber steld foar it oanpakken fan goed 20 knipepunten op de provinsjale diken. It giet om it ferbetterjen fan krúspunten, it ynfieren fan snelheidsbeheiningen en it asfaltearjen fan fytspaden.

Troch de maatregels moat de ferkearsfeiligens op de diken ferbettere wurde. Ek wurde fan it jild in pear brêgen ferhege om de rekreaasjefeart mear rûmte te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)