Suvelfabryk St. Nyk wurdt sloopt

© Omrop Fryslân
It âld suvelfabryk De Takomst yn Sint Nyk giet noch dit jier tsjin de flakte. Dat makket wethâlder Hylkema fan 'e gemeente Skarsterlân bekend. It fabryk stiet middenyn it sintrum fan it doarp.
Oer de nijbou op dat plak wurdt wakker ûngelyk tocht. De Sint Nyksters wolle dêr graach huzen hawwe, mar Holiday Ice hat ek plannen foar útwreiding. Mooglik kinne beide bouplannen njonkeninoar realisearre wurde.