Gjin pretpark yn Kollumerwaard

14 apr 2004 - 00:00

De gemeente Kollumerlân hat besletten dat der gjin pretpark komt yn de Kollumerwaard. Henny van der Most, ûnder oare eigner fan it pretpark yn Slagharen, hie plannen foar in attraksjepark op it terrein fan it eardere krûdfabryk.

Mar om't de lûdsoerlêst te grut wurde sil, ha de gemeente en Van der Most besletten dat plan net troch te setten. Mooglik komt der no in partikuliere finzenis yn it gebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)