Mear huzen foar smelle beurs

14 apr 2004 - 00:00

Minsken mei net folle jild moatte mear mooglikheden krije om oan in geskikt hûs te kommen. Dat wolle de noardlike ôfdielingen fan de PvdA. Se wolle it besteande wenningboubelied oanpasse. Dat kin troch nije huzen dy't bedoeld wienen foar it hegere segmint oan te passen foar it legere segmint.

Ek kinne eigendomsferhâldingen feroare wurde. Ast it hûs keapest, mar net de grûn, sakket de keappriis ek al flink.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)