Provinsje twifelt oer gasboarjen

13 apr 2004 - 00:00

De provinsje hat noch hieltyd gjin stânpunt ynnommen oer de winning fan gas yn it Waadgebiet. Ferline wike kamen de deputearren der ek al net út. Nei alle gedachten komt de provinsje wol dizze wike noch mei in beslút.

In pear wike lyn kaam de kommisje Meijer mei it advys om gaswinning ûnder betingsten ta te stean. Neffens de kommisje kin dit jier al begûn wurde mei proefboarrings. De Twadde Keamer liket yn mearderheid foar it boarjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)