Rixt makket opera oer Bonifatius

© Omrop Fryslân
De Harmonie makket mei Stichting Rixt in opera oer Bonifatius. It stik belibbet 9 septimber syn wrâldpremiêre. Peter te Nuyl skriuwt en regissearret it libretto. Komponist is Henk Alkema. De produksje giet oer de moard op Bonifatius yn 754 by Dokkum. Hy wie in wichtich Angelsaksyske misjonaris en organisator fan de tsjerke fan de iere midsieuwen.
Yn 1995 makke Stichting Rixt de opera Rixt.