Flinke hege winst foar Philips

13 apr 2004 - 00:00

Philips hat yn it earste fearnsjier in nettowinst makke fan 550 miljoen euro. Dat komt fral om't it bedriuw ôfdielingen oerbringt nei lannen mei lege leanen. Dêr binne produksjekosten leger. Ien fan 'e fabriken dy't faai stiet, is de festiging yn Drachten.

Ferline jier hie it elektroanikakonsern noch in ferlies fan 69 miljoen euro. De winst fan dit jier is heger as tocht. By medyske systemen en elektroanika foar konsuminten wie der groei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)