De Jonge slacht oanbod Sina ôf

13 apr 2004 - 00:00

Trainer Jan de Jonge fan de SC Hearrenfean hat de ôfrûne wike trije dagen yn Sina west. De assistint fan Foppe de Haan en de trainer fan it belofteteam fan de Feansters koe dêr haadtrener fan Shenyang Jinde wurde, in ploech yn de heechste divyzje fan Sina.

Nei lang tinken hat De Jonge besluten net de oerstap te meitsjen. It is te fier fuort en soe te yngripend wêze foar syn gesin. Hy bliuwt takom seizoen by SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)