Al sjen yn nije museum

© Omrop Fryslân
De bou fan it nije museum Belvédère is pas ein novimber klear. Yn it ramt fan it nasjonale museumwykein kin publyk snein 18 april al fêst binnen sjen.
Yn Museum Belvédère by Oranjewâld sil moderne en hjoeddeiske keunst út de regio te sjen wêze. It museum is it libbenswurk fan keunstkenner Thom Mercuur. Hy sammelt al jierren keunst en syn kolleksje wurdt yn it nije museum foar in grut publyk tagonklik. De bou kostet 2,8 miljoen euro.