Ramkreak by Sintrale yn Ljouwert

12 apr 2004 - 00:00

Sneintenacht hat der in ramkreak west by in winkel oan de Sintrale yn Ljouwert. De plysje ûntduts nei in melding dat der oan de foarkant fan it pân in rút útriden wie. De plysje gie mei in speurhûn troch it pân op syk nei de dieders. Der waard lykwols net ien oantroffen.

Ut de winkel waarden in pear kamera's en navigaasjesystemen meinaam. In 34- jierrige ynwenner út Ljouwert hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)