Platebeurs lûkt minder besikers

© Omrop Fryslân
Leafhawwers fan platen koenen twadde peaskedei yn Ljouwert telâne. Yn Sealen Skaaf wienen hûnderten lp's en singles te keap. Sneupers en samlers sochten yn de bakken nei har favoriten. Ien fan de meast weardefolle stikken wie in elpee fan Elvis Presley. De eigner frege der 400 euro foar. It giet de leafhawwer fral om de hoes.
De platebeurs luts dit jier minder besikers. Dat soe komme troch ynternet, dêr't muzyk fergees fan ôfhelle wurdt.