Aksjes om 'woanskip' te rêden

© Omrop Fryslân
Om it Ljouwerter 'woanskip' fan de ûndergong te rêden, wurde der aksjes op tou set. Fannewike waard bekend dat de eigner fan it skip, dêr't it bekende ferske fan Anneke Douma oer giet, it slope litte wol. De gemeente wol him net helpe om it skip in plak te jaan yn de nije museumhaven yn Ljouwert.
Ien fan de plannen is om in shantykoar te formearjen. Dat koar soe dan it ferske 'It woanskip' mei Anneke Douma by in riedsgearkomste sjonge moatte.