'Kongressintrum net geskikt'

© Omrop Fryslân
It Frysk Kongressintrum yn Drachten, it eardere Hynstesintrum, is net in geskikte lokaasje foar Indoor Fryslân. Dat seit sekretaris Wiebe Dijkstra fan Indoor.
Eigner Jan Boomsma fan it Kongressintrum hat oanbean om Indoor by him te hâlden, om't it dit jier net slagget yn it FEC yn Ljouwert. It bestjoer fan Indoor is wol wiis mei it oanbod, mar de lokaasje yn Drachten is eins te lyts.