Harkemase Boys spylje lyk

© Omrop Fryslân
Yn de sneonshaadklasse hawwe de Harkemase Boys lykspile tsjin CSV Apeldoorn. De Boys hiene yn de twadde helte in soad kânsen, mar yn de earste helte fan de wedstryd wiene der net in soad mooglikheden. It wie in drege wedstryd en it lykspul liede ta ien punt. Beide doelpunten waarden min as mear tafallich makke. It doelpunt foar de Boys wie fan Alwin Kooistra.
De wedstryd WHC - Be Quick einige yn 1-0. Koprinner is SC Genemuiden.