Nirvana-night op it Hearrenfean
Yn jongereinsintrum Sfinx op it Hearrenfean waard freed in Nirvana-night hâlden. It is 10 jier lyn dat sjonger Kurt Cobain fan de Amerikaanske rockband himsels tekoart die. Nirvana sette mei har enerzjike, net-kommersjele rock de hiele muzykwrâld op syn kop. Noch hieltyd binne jongelju wyld fan de band. Ek hjir is de sjonger noch net ferjitten.
Kurt Cobain makket op 5 april 1994 mei in pistoal in ein oan syn libben.
Trefwurden:
argyf